Ljouwert

Lid Ried fan Kommissarissen

bestjoerlik profyl, kennis fan nije media

23.08.2024
  • HBO
  • 5-10 jaar
  • 10-15 jaar
  • > 15 jaar
  • Vast

Omrop Fryslân

Functieomschrijving

De Ried fan Kommissarissen (RfK), bestiet út fiif persoanen, sjocht ta op en advisearret frege en net frege oer de missy, it belied, de strategy, de finansjele bedriuwsfiering en de organisatoaryske kontinuïteit fan Omrop Fryslân. De RfK oerleit dêrfoar geregeld mei de direkteur-bestjoerder fan Omrop Fryslân.

Binnen de RfK is foldwaande kennis oanwêzich op yn elk gefal it mêd fan mediaspesifike, finansjeel-ekonomyske, juridyske, polityk-bestjoerlike, organisatoaryske, personele en maatskiplike saken.

De RfK hat sa’n seis kear yn it jier in gearkomste. Twa kear yn it jier is der in gearkomste (in ôffeardiging) fan de Ried fan Kommissarissen mei de ûndernimmingsried. De leden hawwe in maksimale sittingstermyn fan fiif jier en binne ien kear wer te beneamen foar nochris in perioade fan fiif jier. It foech en de ferantwurdlikheden fan de RfK binne regele yn de karbrief fan Omrop Fryslân.

TAKEN EN FERANTWURDLIKHEDEN

  • De RfK is wurkjouwer fan de direkteur-bestjoerder.
  • De RfK sjocht ta op it belied fan de direkteur-bestjoerder.
  • De RfK sjocht ta op it neilibjen fan de wet- en rigeljouwing, wêrûnder de Mediawet.
  • De RfK sjocht ta op de realisaasje fan de doelstellingen fan de organisaasje.
  • De RfK sjocht ta op de finansjele jiersyklus, wêrûnder it goedkarren fan it jierferslach, de jierrekken en -begrutting.
  • De RfK tjinnet as klankboerd foar de direkteur-bestjoerder.
  • De RfK stelt in ferslach op fan de Ried fan Kommissarissen, as ûnderdiel fan it jierferslach.

Functie-eisen

PROFYL FAKATUERE

Sjoen nei de hjoeddeiske gearstalling, wat profilen, kennis en ekspertizegebieten oanbelanget, siket de RfK in lid mei it folgjende profyl:

  • Grutte ûnderfining yn bestjoerlike/eindferantwurdlike en/of tafersjochhâldende funksje(s).
  • Ûnderfining mei en kennis fan governance fraachstikken.
  • Moderne fisy op tafersjoch en governance.
  • Affiniteit mei nije media.

KOMPETINSJES EN PERSOANLIKE KWALITEITEN

  • Yn steat wêze om it belied en de aktiviteiten fan Omrop Fryslân te beoardielen yn it ljocht fan (resinte) politike en bestjoerlike ûntwikkelingen en yn steat wêze om hjiroer in ûnôfhinklik oardiel te foarmjen.
  • It fermogen om yn teamferbân, ûnder lieding fan in foarsitter, te funksjonearjen.
  • Ferbûn wêze mei de gedachtegong, de útgongspunten en de doelstellingen fan Omrop Fryslân.
  • Ynteger, ferantwurdlik, kollegiaal en ûnôfhinklik.
  • Sterke bining mei de provinsje Fryslân en in (aktive) behearsking fan de Fryske taal.
  • Kennis fan en ynsjoch yn regels en opfettingen oer goed bestjoer (de ‘governance’).
  • Strategysk tinkfermogen en bestjoerlike kennis.
  • Yn steat wêze om maatskiplike, politike en technologyske ûntwikkelingen op de lange termyn yn te skatten en de gefolgen dêrfan nei Omrop Fryslân te fertalen.
  • Yn steat wêze om it funksjonearjen fan de RfK kritysk te evaluearjen en ferbetterpunten besprekber te meitsjen.
  • Foldwaande beskikber wêze foar RfK gearkomsten (en mooglike ekstra oerlizzen).

Bedrijfsomschrijving

Omrop Fryslân is in stifting en wurdt bestjoerd troch in direkteur-bestjoerder ûnder tafersjoch fan de Ried fan Kommissarissen (RfK). De ynspraak, advisearring en meisizzenskip is boarge yn de ûndernimmingsried (UR) en de redaksjeried (RR). De redaksjonele ûnôfhinklikens is fêstlein yn it redaksjestatút. De Omrop fiert syn taken út konfoarm de rjochtlinen fan de Mediawet en de beliedsrigels fan it Commissariaat voor de Media. Omrop Fryslân hat in Regionale Mediaried (RMR) dy’t it media-oanbodbelied fêststelt en evaluearret. De RMR bestiet út fertsjintwurdigers fan de belangrykste yn de provinsje Fryslân foarkommende maatskiplike, kulturele, godstsjinstige, geastlike en sport streamingen. Dêrneist is ek de feriening Freonen fan Omrop Fryslân yn de RMR fertsjintwurdige.

Nei de webside: https://www.omropfryslan.nl

Meer informatie

OMROP FRYSLÂN BIEDT JO

It giet om in beleanne funksje. De beleanning slút oan by it karakter fan de stichting en is yn oerienstimming mei de ‘Wet Normering Topinkomens’.

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei: Mark Olman 06-27507384